OMROP FRYSLÂN – De PvdA-Steatefraksje stelt fragen oan Deputearre Steaten oer it sluten fan it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert. De partij giet spesifyk yn op de rol fan de provinsje by it yn stân hâlden fan in foarsjenning foar langduorjende oernachtings foar famyljes fan sike bern yn Fryslân. Yn it bysûnder dy fan fjouwer Waadeilannen.
Fan 1 novimber 2018 ôf hat it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert de doarren sletten. De oanfragen foar oernachtings binne de ôfrûne fjouwer jier mei de helte ôfnaam en de ferwachtings binne dat de oanfragen de kommende jierren allinnich mar minder wurde. Mei it sluten fan it hûs hat elk sintrumsikenhûs yn it lân in Ronald McDonaldhûs útsein Ljouwert.
De PvdA fynt dat it MCL in hiel wichtige foarsjenning is foar Fryslân. It MCL biedt mar in beheind oantal opsjes foar rooming in. Ien fan de âlders kin op de berneôfdieling by it bern sliepe. Dy mooglikheid is der sels noch net foar de kûveuzeôfdieling. Fierder beskikt it MCL oer in beheind oantal famyljekeamers, yn totaal fiif stik. It MCL beslist oft it gebrûk derfan needsaaklik is.
Fyftich euro de nacht
De partij fynt ek dat de koartingsregel foar hotels yn Ljouwert net altyd in útkomst biedt. Dy koartingsregeling hâldt yn dat der likernôch de fyftich euro de nacht betelle wurde moat foar in oernachting. Foar in langduorjend ferbliuw is dit gjin oplossing, skriuwt de PvdA.
De PvdA wol witte oft de provinsje op de hichte wie fan de sluting fan it Ronald McDonald Huis. Derneist wolle se witte of der mooglikheden binne om finansjele regelingen te treffen foar oernachtingen, yn it bysûnder foar famyljes fan sike bern fan de Waadeilannen.