Provinsje moat mear húsdokters nei Fryslân helje
AUDIO/OMROP FRYSLÂN — De provinsje Fryslân moat der alles oan dwaan om mear húsdokters nei Fryslân ta te heljen. Dat is neffens steatelid Hetty Janssen fan de PvdA in betingst om de soarch yn Fryslân op peil te bringen. Provinsjale Steaten praten woansdeitejûn yn in kommisjegearkomste oer de sprieding en berikberens fan de soarch yn Fryslân. Om minsken langer thús wenje litte te kinnen, moat der in goeie sprieding fan húsdokters, sikehuzen en fersoargingshuzen wêze.
De provinsje kin dêr wol deeglik in rol yn spylje, ek al is it yn earste ynstânsje de ferantwurdlikheid fan Ryk, gemeenten, soarchfersekerders en soarchorganisaasjes. PvdA-er Janssen is net bliid mei it foarstel fan Deputearre Steaten. Se mist yn it útstel in ûndersyk nei hoe’t de Friezen sels de soach yn Fryslân ûnderfine.
Interview met Hetty Janssen over de spreiding van zorg in Fryslân
Provincie moet meer huisartsen naar Fryslân halen
De provincie Fryslân moet er alles aan doen om meer huisartsen naar Fryslân te halen. Dat is volgens statenlid Hetty Janssen van de PvdA een voorwaarde om de zorg in Fryslân op peil te brengen. Provinciale Staten spraken woensdagavond in een commissiebijeenkomst over de spreiding en bereikbaarheid van de zorg in Fryslân. Om mensen langer thuis te kunnen laten wonen, moet er een goede spreiding van huisartsen, ziekenhuizen en verzorgingshuizen zijn.
De provincie kan daar wel degelijk een rol in spelen, ook al is het in eerste instantie de verantwoordelijkheid van Rijk, gemeenten, zorgverzekeraars en zorgorganisaties. PvdA-er Janssen is niet blij met het voorstel van Gedeputeerde Staten. Ze mist in het voorstel een onderzoek naar hoe de Friezen zelf de zorg in Fryslân ervaren.