Door In het nieuws op 10 januari 2017

“De oprop om it ‘reade hert’ sjen te litten is heard”

OMROP FRYSLÂN / AUDIO — De aksje fan noardlike PvdA’ers om in rommere tapassing foar it bernepardon yn it ferkiezingsprogramma fan de partij te krijen, is slagge. De oprop om it ‘reade hert’ sjen te litten is heard, sa seit Remco van Maurik, fraksjefoarsitter yn de Steaten fan de PvdA en ien fan inisjatyfnimmers. Der komt in amendemint dat sneon op it kongres behannele wurdt. Dêr stiet yn dat it bernepardon ‘romhertich’ tapast wurdt. It giet dan om bern dy’t hjir al langer wenje en woartele binne.

It pardon soe yn totaal foar sa’n 650 bern jilde. Net in hiel soad dus, mar wol allegear skrinende gefallen, sa seit Van Maurik.


Remco van Maurik: “Het kinderrechtenverdrag wordt als uitgangspunt genomen”