Lutz Jacobi: “Saak Alliade oan de boaiem ta útsykje”
OMROP FRYSLÂN – Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fynt dat de eventuele belangeferfrisseling by soarchgroep Alliade oant de boaiem útsocht wurde moat. Se stipet in yngripend ûndersyk en stiet folslein achter de fragen dy’t oer de saak steld binne oan steatssekretaris Van Rijn. De kwestje draait derom dat direkteuren dy’t in tsjinst binne by Alliade ek belangen yn bedriuwen hawwe dêr’t se tsjinsten fan ôfnimme. Neffens Jacobi is de merkwurking yn de soarch fierste fier trochsketten. De oerheid moat de soarch foar hendikepten en âlderein sels wer yn hannen nimme.