Wet Fryske taal en Mediawet
Se hawwe it mar drok mei ús dêr yn Den Haach. Op 29 maaie waard yn de Twadde Keamer de Wet Gebruik Friese Taal behannele en de wyks dêrop oannaam. No is einliks it brûken fan de Fryske Taal tusken boargers en oerheid en yn it rjochterlik ferkear by wet regele. Der is ek in basis lein foar it “Orgaan voor de Friese Taal” dy’t de lanlike en lokale oerheden advisearje kin oer it brûken en it behâld fan de Fryske Taal en kultuer.
Minister Ronald Plasterk spruts fan in histoarysk momint. En dat wie it! Lutz Jacobi die foar de PvdA it wurd en op de tribune sieten tal fan fertsjinwurdigers fan Fryske organisaasjes, studinten, Omrop Fryslân en leden fan it Steatekommitee Frysk, wêrûnder vice-foarsitter Ingrid Wagenaar. Mar wy binne der noch net. Yn dizze wet stiet ek dat der om de fiif jier in nije bestjoersôfspraak makke wurde moat tusken Ryk en Provinsje. Want allinne in wet is net genôch. Jo moatte ek dúdlike ôfspraken meitsje oer hoe’t je de taal hoedzje en noedzje sille en wat je oan taalbefoardering dwaan sille. Ûnderwiis is dan in wichtich fjild, mar hast like wichtich is de rol fan Omrop Fryslân at it giet om it befoarderjen en brûken fan de taal. Dêrom wol de PvdA him ynsette foar de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân.
Op 26 juny wurdt de Mediawet behannele en dy set yn op de yntegraasje fan lanlike- en regionale omroppen. Dat kin wolris min útpakke foar ús Omrop. De oanbefellings dy’t de kommisje Hoekstra dien hat, soene útgongspunt wêze moatte at de keamer nije wike in beslút nimt.