Wa is deputearre Douwe Hoogland?

Door In het nieuws op 19 juni 2019

OMROP FRYSLÂN – Deputearre Steaten presintearret dizze tiisdei de plannen foar de kommende fjouwer jier. De deputearren Sietske Poepjes (CDA), Sander de Rouwe (CDA) en Johannes Kramer (FNP) komme werom en Avine Fokkens (VVD) en Douwe Hoogland (PvdA) binne nij. Wa binne sy? En wat binne har ideeën en falkûlen?

Douwe Hoogland (PvdA) wennet yn Aldtsjerk en hat trije bern. Fan oarsprong is Hoogland boer, mar hy is de ôfrûne jierren njonken dy wurksumheden tichter by de polityk kommen.