Door Provinciale Staten op 7 april 2015

“Rekke mar net ferslein”

Foarsitter, hjir stiet in fearkrêftige PvdA. Rekke, mar net ferslein.

In partij dy’t tichtby har eigen kearn bliuwt en by har wearden en idealen foar Fryslân.

Wy hawwe yn de foarige perioade in soad yn beweging set. Dêr binne en bliuwe wy grutsk op.

Wy binne in partij fan de ynhâld. In partij dy’t siket om wat bint. In partij dy’t stiet foar in iepen mienskip dêr’t elkenien derta docht en meidocht.

Dat makket dat wy hjir rjochtop stean.

Dochs, foarsitter, litte wy earlik wêze

dit is sa’n moment wêrfan je hoopje dat it net komme sil. De PvdA stiet bûten de ûnderhannelingen yn Fryslân. Dêr binne wy teloarsteld oer. Foar ús wie dit ûnnedich en ek ûnfertsjinne.

Mar wy sille ek yn dizze situaasje hannelje yn it belang fan Fryslân. Wy sille hurd wurkje om plannen foar elkoar te krijen. Wy sille dwaan wat wy kinne om Fryslân sterker, sosjaler en tûker te meitsjen.

Nei 2 gesprekken mei de ynformateur binne wy oan’e kant skood. Yn it lêste gesprek mei de ynformateur, tongersdeitemoarn om 9.00 binne gjin konklúzjes lutsen: wy hawwe eksplisyt oanjûn gjin blokkades te hawwen – ek net tsjin twa deputearren fan it CDA.

Wy hawwe sein in foarkar foar 4 deputearren te hawwen by 4 partijen en 5 deputearren by 5 partijen. Elke partij ien, passend by nije ferhâldingen yn de Steaten, wêrby’t de ferskillen yn grutte tusken de partijen lytser binne as ea. In foarkar; net mear, net minder.

Mar belangriker is dat wy foaral oanjûn hawwe oer de ynhâld prate te wollen yn stee fan oer ‘popkes’ en macht. Wy hawwe gjin ferslach sjoen fan dit twadde gesprek. It gong en giet ús om lykwicht yn it kolleezje. Sa’n lykwicht kin programmatysk ta stân komme, troch gearstalling fan partijen, troch portefeuilles of getalsmjittich. Fan belang is dan dat je dat gesprek op ynhâld yn de ferfolchfase ek oangean. Ofspraak mei de ynformateur wie dat wy op it ein fan tongersdeitemiddei op’e nij om’e tafel soene om it fjild te oersjen. Dat moment is net kommen. Der is dy middeis net mei ús praat en wy moasten via in oare partij hearre dat der in konstruksje om ús hinne makke waard. Gjin iepen proses, dus, net konsistent ek. Gjin iepen kommunikaasje. In proses dat oanstjoerde op in snelle deal oer de macht en de popkes.

Yn 2 gesprekken, yn 2 oeren is in skiednis fan 70 jier gearwurkjen yn Fryslân oan’e kant set.

Lit it dúdlik wêze: wy wolle graach bestjoere – hawwe dat 70 jier dien. Mar wy wolle net tsjin elke priis op it pluche sitte.

Wy hawwe de yndruk krigen dat de kar om sûnder ús fierder te gean, al earder yn dy wike makke wie.

Dat it CDA gjin 2 kapiteins op it skip wol is fanút harren posysje ek noch wol te begripen. It slút oan by de toan dy’t yn de kampanje set is: in oare koers.

Foarsitter, elkenien makket sa syn ferhaal. Wy hâlde ús mar by de feitlike situaasje.

De kearn leit fansels by de ferkiezingsútslach. Fryslân hat lanlik stemd. En dan kinne jo noch safolle presteard hawwe, it telt net mei yn de útslach.. Dêr sit foar ús de echte djippe teloarstelling. Wy winskje de 4 partijen súkses by it meitsjen fan it koalysje-akkoart. It liket ús dat dêr noch wol wat ‘bonkjes’ ynsitte.

Boppe-al winskje wy de ûnderhannelers wiisheid ta om it bêste foar Fryslân derút te heljen.

Jannewietske de Vries
Spreektekst uitkomst en verslag informatiefase
Provinciale Staten 7 april 2015