23 november 2013

Reade tulpebollen foar moskee Snits

Saterdei 23 novimber hawwe de steateleden Ömer Kaya en Ingrid Wagenaar 100 reade tulpebollen plante by de Turkse Moskee yn Snits. It idee kaam fan Wagenaar dy’t foar har wurk ienris yn de wike har auto parkeart flak by de moskee. Sa seach sy yn de rin fan oardel jier de eardere kampearbuorkerij Wigledaam stadich oan feroarjen yn in moai moetingsplak foar de Turkse mienskip yn Súdwest-Fryslân. Omt Wagenaar ek in entoesjast túnker is kaam it idee fan de blombollen op. Wagenaar: “Om de nije moskee hinne sit in royaal stik grûn en dêr sjogge jo dan as túnleafhawwer tal fan mooglikheden. Omt tulpebollen fan oarsprong út Turkije komme like my dat wol passend. En de reade kleur komt moai werom yn de Turkse flagge!” 

It bestjoer fan de moskee wie optein oer it inisjatyf en der wie dan ek in hiele delegaasje oanwêzich om de bollen yn de grûn te setten. “Ik bin der ek grutsk op dat de Turkse mienskip it hjir sa goed docht” sei Wagenaar, “en ik fyn dat se in oanwinst binne foar ús eigen mienskip hjir. It is in moai foarbyld fan hoe kultueren meiinoar libje kinne en fan mekoar leare kinne.”Foarsitter Senol Gözüacik, fan de moskee, wie bliid mei de positive wurdearring. “We zijn blij met ons nieuwe gebouw en blij verrast met dit leuke geschenk. Maar bovenal blij met de woorden dat we welkom zijn en een plek in de samenleving hier verdienen. Zo voelen wij het ook. We voelen ons echt een onderdeel van de Sneker en de Súdwest-Fryske gemeenschap”. Takom jier maitiid levert grif in moai plaatsje op at de bollen bloeie as teken fan wurdearring!