3 november 2013

PvdA wol taalkonvenant oer it Biltsk

De PvdA Steatefraksje makket har soargen oer de posysje fan It Biltsk by in mooglike weryndieling fan gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Wurdfierder Fryske Taal en Kultuer Ingrid Wagenaar hat dêrom, yn it Biltsk, fragen stelt oan Deputearre Steaten. Der binne al taalkonvenanten ôfsletten yn Súdwest-Fryslân en koartlyn yn de fúzjegemeenten Skarsterlân, Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat, Boarnsterhim, Ljouwert en It Hearrenfean. Dy hawwe allegearre te krijen mei de posysje fan it Frysk en de boarging dêrfan yn in nije gemeente.

Wagenaar freget har ôf hoe’t it komt mei it Biltsk, no’t de gemeente It Bilt dwaande is mei in weryndieling. “It Biltsk is ien fan Fryslân streektalen en wy freegje ús ôf hoe’t de rjochten fan dizze taal boarge wurde sille. En wat foar prikken DS yn it wurk stelt hat om ek noed te stean foar it Bildtsk”. Wagenaar is foarstannner fan in taalconvenant wêryn ôfspraken makke wurde tusken gemeente, provinsje en Ryk. “Njonken it Frysk moat der yn sa’n taalkonvenant ek plak wêze foar ús streektalen. Dêr hawwe de Bilkerts rjocht op!”