PvdA presintearret ferkiezingsprogramma yn it Frysk
Yn’e oanrin nei de ferkiezingen fan 15 maart presintearret de PvdA freed 10 febrewaris har ferkiezingsprogramma yn it Frysk. De PvdA fynt it tige wichtich dat har stânpunten ek yn’e twadde Rykstaal te lêzen binne. De PvdA is in fûleindich foarfjochter fan de Fryske taal. Sa is Keamerlid Lutz Jacobi al jierrenlang in oanjager fan it Frysk. En mei Ronald Plasterk en Jannewietske de Vries stie de PvdA oan de widze fan de Taalwet Frysk en de bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.
Yn it ferkiezingsprogramma skriuwt de PvdA dat in maatskippij koesteret wêryn’t elts los fan ôfkomst himsels wêze kin, knap wurk en in ynkommen hat en it bêste ûnderwiis krijt. Mei Lodewijk Asscher as listlûker wol de PvdA ynvestearje yn dat wat ús byinoar bringt, yn minsken dy’t fan ûnderop de maatskippij ferbine.
‘In Maatskippij Yn Ferbining’ Ferkiezingsprogramma 2017 (download pdf)
Moetsje Christa Oosterbaan
In dei letter, op sneon 11 febrewaris, hâld de heechste Fryske PvdA-kandidaat Christa Oosterbaan in taspraak op de Lange Pyp (by de Waach) yn Ljouwert (oanfang 13.00 oere). It is de offisjele ôftraap fan de Friese PvdA-kampanje foar de Twadde Keamerferkiezingen. Foar de leafhawwer is it in moaie kâns om Oosterbaan te moetsjen en mei de PvdA yn petear te gean oer de takomst fan Nederlân yn it algemien en Fryslân yn it bysûnder.
Fjouwer Friezen op kandidatelist
Op de kandidatelist fan de PvdA foar de Twadde Keamer stean fjouwer Friezen. Neist Christa Oosterbaan fan Skylge (plak 20) stiet Jelmer Staal (Ljouwert) op plak 51 en Marco Keizer (Drachten) op plak 71. Ald- fuotbaltrainer Foppe de Haan (Nes) stiet as listtriuwer foar de PvdA op it stimbiljet.