PvdA grutsk op earste Dichter fan Fryslân

Door Provinciale Staten op 16 november 2017

Eeltsje Hettinga is mei syn gedicht ‘Under de steden’ útroppen ta earste Dichter fan Fryslân. As inisjatyfnimmer is de PvdA tige grutsk op dizze ferkiezing. Hettinga sil de kommende twa jier sa’n tsien gedichten skriuwe oer aktuele saken. Freed 24 novimber sil Hettinga offisjeel beneamd wurde. Hy skreau al fiif dichtbondels en wûn earder ûnder oaren de Fedde Schurerpriis en de Rely Jorritsmapriis.

Poëzij op oar plakken

Yn it Friesch Dagblad reagearret Hettinga bliid op syn útferkiezing: “Ik haw der sin oan en haw al in protte ideeën. Sa fyn ik it belangryk dat ferskate keunstdissiplines mei-inoar ferfrissele reitsje, lykas poëzij en film. En dat poëzij ek op oare plakken as yn it literêre tydskrift toant wurdt, dat it in breder publyk berikke kin.”