13 september 2013

PvdA Fryslân: Omrop Fryslân yn gefaar!

Ek de PvdA Fryslân is bot skrokken fan de berjochten yn de media oer de ynhâld fan de fertroulike brief fan de NPO oan Steatsiktaris Sander Dekker. Yn de brief stiet klip en klaar dat de Ried fan Bestjoer fan de Nederlânske Publike Omrop (NPO) har foarkar útsprekt foar in model wêrby’t Omrop Fryslân ophâldt te bestean. De brief is in antwurd op it útstel fan it Ministearje fan OCW, dy’t fjouwer modellen foarlein hat oan de NPO. De foarkar leit no by it folsleine yntegraasjemodel, d.w.s. by it model wêrby de regionale omroppen folsein opnommen wurde yn de lanlike publike omrop. De NPO kriget dêrby de ferantwurdlikens om de regionale mediataak út te fieren.

De kar dy’t no makke wurdt, stiet heaks op de spesjale posysje dy’t Omrop Fryslân neffens it Europeesk Hânfêst en de ôfspraken dy’t mei it Ryk hjir oer makke binne. Boppedat binne der yn maaie dit jier yn de Twadde Keamer 2 moasjes unanym oannommen dy’t de unike posysje fan Omrop Fryslân nochris ûnderstreekje. In selsstandige en ûnôhinklike posysje bassearre op in differentiearre finasjêle basis.

Sjoen de moasjes yn de keamer leit in model mei regionale autonomy mear foar de hân. En oer draachflak hawwe wy yn Fryslân ek net te kleijen, fan ’t maitiid waarden der noch mear as 12.000 hantekens oan deputearre Jannewietske de Vries oanbean foar it behâld fan OF. Oer de gong fan saken en de NPO-brief binne ûnderwilens al fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân. Lykwols: de tasizzings dy’t dien binne yn de Keamer, binne foar de PvdA wichtich en wy sille Steatsiktaris Dekker dus hâlde oan de útfiering dêrfan!