Door In het nieuws op 6 februari 2017

Provincie moet om tafel met aannemer Centrale As

OMROP FRYSLÂN — De provincie moet zo snel mogelijk om tafel met de hoofdaannemer van de Centrale As. Die moet in de buidel tasten om de onderbetaalde ijzervlechters van het project toch nog een goed salaris te geven. Dat vindt de PvdA in Provinciale Staten.

De partij reageert daarmee op een rapport van de arbeidsinspectie. Dat rapport is gemaakt in opdracht van vakbond FNV. Uit het rapport blijkt dat de ijzervlechters als ZZP-ers op papier stonden, terwijl ze dat in werkelijkheid niet waren. Het FNV had dat ruim een half jaar geleden zelf ook aangegeven bij de provincie.

De PvdA vindt dat er eigenlijk al eerder had moeten worden ingegrepen, maar nu moet dat zeker. De provincie zal controleren of alle werknemers aan de Centrale As volgens de wet zijn betaald.

///

Provinsje moat om tafel mei oannimmer Sintrale As

De provinsje moat sa gau mooglik om tafel mei de haadoannimmer fan de Sintrale As. Dy moat ta de bûse om de ûnderbetelle izerflechters fan it projekt dochs noch in goed salaris te jaan. Dat fynt de PvdA yn Provinsjale Steaten.

De partij reagearret dêrmei op in rapport fan de arbeidsynspeksje. Dat rapport is makke yn opdracht fan it fakbûn FNV. Ut it rapport docht bliken dat de izerflechters as ZZP’ers op papier stiene, wylst se dat yn werklikheid net wiene. It FNV hie dat in goed healjier lyn sels ek alris oanjûn by de provinsje.

De PvdA fynt dat der eins al earder yngrepen wurde moatten hie, mar no moat dat seker. De provinsje sil kontrolearje oft alle wurknimmers oan de Sintrale As neffens de wet betelle binne.