Plasterk ‘duimt’ foar KH2018 yn Fryslân
Moandei 22 april wie PvdA minister Ronald Plasterk yn Ljouwert op it Provinsjehûs om syn hantekening te setten ûnder de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Hy die dat mei út namme fan syn kollega’s fan de ministearjes fan OCW, BZ, VenJ en SZW. Soks jout al oan dat in bestjoersôfspraak oer Fryske Taal en Kultuer in allesomfiemjende ôfspraak is dy ’t in soad beliedsfjilden by it Ryk, de Provinsje en de Gemeenten rekket. It giet om ôfspraken dy’t makke wurde om de Fryske taal en kultuer te befoarderjen op it mêd fan ûnderwiis, media en kultuer.
De BFTK foarmet mei de Taalwet, dy’t nei alle gedachten yn maaie troch de Twadde Keamer behannele wurdt, in stevich fûnemint foar de fierdere ûntjouwing fan de Fryske Taal en Kultuer. Yn de bestjoersôfspraak, dy’t foar de kommende fiif jier jildt, is ek de posysje fan bygelyks Tryater en de Fryske Akademy op ‘e nij fêstlein. “Oer Omrop Fryslân wurdt sein dat rjocht dien wurde moat oan it Rapport Hoekstra’ seit Jannewietske de Vries dy’t as ferantwurdlik deputearre oanwêzich wie by de ûndertekening. “Fierder ha ik oan Plasterk trochjûn dat it ús winsk is om de BFTK te ferankerjen yn de nije taalwet en dat wy wolle dat der stappen naam wurde om it foech oangeande it Frysk fan it Ryk fierder oer te heveljen nei de provinsje”.
Benammen it Frysktalich ûnderwiis kriget in ympuls en allyksa de nije stúdzje Meartaligens oan de RUG, dêrfoar komt meiinoar € 2 miljoen beskikber. Fierder hat Plasterk sein dat ‘hij duimt voor de kandidatuur Lwd/Fryslân as KH2018, hy sjocht kânsen om’t ús bidbook ynset op regio’s, op meartaligens, op de belutsenens fan de ynwenners dy’t in iepen mienskip foarmje en tagelyks kosmopolyt wêze wolle.