Door Provinciale Staten op 8 oktober 2015

‘Minsken yn’e knipe hearre jo te helpen’

AUDIO – Yn Weistra op Wei gie steatelid Hans Konst yn debat oer de komst fan flechtlingen nei Fryslân. Hy sei: “Ik bin skrokken dat it persintaazje Friezen, dy’t seit dat flechtlingen in negative ynfloed ha sille op’e maatskippij, sa heech is.” It hat neffens him in hiel soad te krijen mei “onbekend maakt onbemind”.  “Mar wy moatte net ferjitte dat dy minsken net foar neat út Syrië wei geane”, beklamme Konst. “Dêr gebeure de meast ferskriklike dingen. Dan heart it, fyn ik, dat se in plak fine kinne en dat wy dy wolkom hite. Wy binne in ryk lân en wy binne foaral in feilich lân. Minsken kinne hjir mei harren bern in nije takomst begjinne. En as wy tsjin minsken dy’t yn’e penarie sitte doare te sizzen: set se mar wer op’e rubberboaten werom nei de oare kant, dan tink ik: dêr wol ik net by hearre. As minsken yn’e knipe sitte hearre jo se te helpen.”