Meldkeamer brûkt wol deeglik Frysk
Tidens de wurkbesite dy’t it Steatekommitee Frysk woansdei 27 augustus oan de meldkeamer Noord-Nederland yn Drachten brocht, waard dúdlik dat it Frysk wol deeglik in plak hat yn it te wurd stean fan ynwenners út Fryslân. It misferstân dat soks net sa wêze soe ûntstiet neffens it haad fan de meldkeamer Tom van der Vlist benammen omdat minsken tinke dat alle 112 telefoantsjes út it Noarden yn Drachten teloane komme.
“Slechts twintig procent komt hier rechtstreeks binnen, namelijk die via een vaste telefoon,” sa fertelde Van der Vlist. “Het overgrote deel gaat per mobiel via Driebergen. En ja, daar zit niet iemand die Fries verstaat achter de telefoon.” Oanlieding foar de wurkbesite wie ûnder oaren de negative berjochtjouwing oer it net brûken fan de Fryske taal troch meiwurkers fan de meldkeamer yn Drachten. Wurdfierder Ingrid Wagenaar wie nei ôfrin bliid mei de tekst en útlis. “Wy ha mei eigen eagen sjen kinnen hoe profesjoneel de saken oppakt wurde. En it is ús ek dúdlik wurden hoe’t hjir mei de Fryske taal omgongen wurdt. Belied is dat der altyd in Frysk fersteander is en at it kin in Frysk prater. Skeakelje nei it Drints of Grinslânsk heart trouwens likegoed ta de deistige praktyk.