Kultuer as rânefoarwaarde foar beskaving
Unanym waard de nije kultuernota ôfrûne woansdei troch de Fryske Steaten oannaam. In moai kompliment foar kultuerdeputearre Jannewietske de Vries. De PvdA-fraksje is te sprekken oer de nije yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis “Grinzen oer” dy’t tal fan âlde nota’s ferfangt. Wurdfierder Ingrid Wagenaar gong yn op it belang fan kultuer as rânefoarwearde foar beskaving en de opdracht dy’t wy hawwe om meiinoar dy kultuer yn stân te hâlden, te hoedzjen en te noedzjen. En dat soks freget om in goede basisynfrastruktuer dy’t net allinnich in betingst foar in goed en fariearre kultureel klimaat is, mar ek de sosjale koheezje befoarderet. Op it mêd fan kultuer, mar ek as it giet om kennis, kreativiteit en lânskiplike kwaliteit. Boppedat is kultuer in wichtige fêstigingsbetingst foar ynwenners en bedriuwen.
In ryk kultureel klimaat, withoefolle aktiviteiten en in kreatyf fêstigingsklimaat soargje der ek foar dat mear jongeren en high potentials foar Fryslân kieze sille. Dat is goed foar it bedriuwslibben, dat der klauwen oan hat om (talintfolle) jongeren te finen en fêst te hâlden. “Dêrom fyn ik it ek sa wichtich dat wy hjir yn Fryslân gjin besunigings op kultuer trochfiere” seit Wagenaar. “Wy bliuwe meiïnoar ynfestearjen yn in sterke basisynfrastruktuer, yn in brûsfûns mei € 370.000 it jier, mei struktureel jild foar iepenloftspullen, in sterkere basis foar Tryater en Oerol.
Itselfde jildt trouwens ek foar De Moanne, ’n Meeuw en de Popfabryk. En dan nochris € 400.000 ekstra foar subsydzjes bedoeld om in breed ferskaat oan kultuer te hâlden. Dêrnjonken binne de wichtigste kulturele prizen steviger makke mei prizejild en aktiviteiten der om hinne. Koartsein: It sjocht der goed út foar ús kulturele BESKAVING hjir yn Fryslân”.