Door Provinciale Staten op 24 september 2015

“Krêftige útspraak oer selsstannige Omrop Fryslân nedich”

VIDEO – De PvdA wol dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt mei in eigen redaksje en in eigen haadredakteur. It Frysk as twadde Rykstaal rjochtfeardiget in bysûndere posysje fynt wurdfierder Hetty Janssen. Dochs wie de PvdA yn’t earst net fan doel in “fiersten te sloppe” moasje te stypjen. De reaksje fanút de provinsje nei steatsektaris Sander Dekker wie neffens Janssen net dúdlik en krêftich genôch. Nei’t it fersyk nei de winsk fan de PvdA oanpast wie, hawwe alle politike partijen harren efter de moasje steld. Fierder bliuwt der ûnwissichheid oer it bedrach dat de provinsje foar de Omrop reservearre hat. Janssen: “Der stie 700.000 euro foar op‘e begrutting, mar oft dizze der noch hieltyd is wol de deputearre (Sietske Poepjes, red.) net sizze. Litte we hoopje dat it jild der noch is.”