Jannewietske de Vries te suteljen mei skriuwer Johan Veenstra
Ald-kultuerdeputearre Jannewietske de Vries sutelde justermiddei troch de Stellingwerven mei skriuwer Johan Veenstra. Harren doel wie it lêzen fan boeken skreaun yn it ‘Stellingwarfs’ ûnder de oandacht te bringen. Oft sa’t de Stellingwerver krante skreau: Opni’j sutelde schriever Johan Veenstra mit een bekende politica. Gong hi’j een peer weken leden mit Lutz Jacobi op pad, woensdagaovend sutelde Veenstra mit oold-kultuurdippeteerde Jannewietske de Vries. Sels wie De Vries hiel entûsjast oer de aksje: “Mei persoanlik kontakt ferkeapest de moaiste boeken. Suteljen wurdt wer hip!”