Jan Douwe van der Ploeg hâldt Anita Andriesen-lêzing

Door Stichting Anita foar Fryslân op 13 september 2018

It is freed 7 septimber 2018. Jan Douwe van der Ploeg sprekt op Swarte Hoarne oer de ‘kwaliteit fan de lânbou’. Tsien jier nei har ferstjerren hâldt hy de lêzing foar de jierlikse Anita Andriesen-betinking. En hy ferwiist nei har rede wêryn se in takomstperspektyf foar Fryslân anno 2030 sketste. Spitigernôch wie de kofje te gau op en begûn Jan Douwe eins wat te betiid oan syn ferhaal. Net elkenien wie der al. Om sân oere siet de romte lykwols hielendal fol. Om’t de sprekker alle tiid hie – hy útfanhuze yn Sint Jabik – ûntstie der nei ôfrin fan syn foardracht yn nijsgjirrige diskusje. Jan Douwe hie der aardichheid oan. In moaie jûn, passend yn de geast fan Anita.

Buorkje

It is goed mis mei de Nederlânske lânbou. In dei letter, op 8 septimber, komt CU-minister Carola Schouten mei har nije lânbounota. Se hat it oer kringlooplânbou, kij moatte faker de greide yn, minder ymport fan feefoer en stopje mei keunstmest. Net mear útputting fan de boaiem, fersmoarging fan wetter en fergriemen fan grûnstoffen. It ‘Planbureau voor de Leefomgeving’ konkludearre deselde wike dat de lânbou tsjin maatskiplike en ekologyske grinzen oanrûn.

Jan Douwe van der Ploeg is net fan de lêste moade. Yn it tydskrift SPIL skreau er al yn 1981 dat de Nederlânske melkfeehâlders – dy’t sa grutsk wiene op har eksport – ta syn ferbjustering in folle legere priis foar in mingel molke krigen as de boeren yn Itaalje of Dútslân. De Nederlânske suvelsektor wie rjochte op bulkproduksje foar de wrâldmerk. Skaalfergrutting en yntinsivearring wiene it biedwurd. En de agraryske wittenskippers yn Wageningen tochten der net oer nei hoe’t it oars koe.

Anne Vondeling

Jan Douwe van der Ploeg hat syn bêst dien romte te freegjen oar in oare lânboupraktyk. Hy hat my ris ferteld dat er derby oansluting fûn by it proefskrift fan Anne Vondeling (letter PvdA-minister foar lânbou) út 1948, De bedrijfsvergelijking in de landbouw. De iene boer wie de oare net. Jan Douwe kaam dizze jûn mei nije, aktuele sifers fan bedriuwsûntwikkeling. Net foar Nederlân, dêr wolle se der neat fan witte. Mar wol sifers út Dútslân, Ingelân en Frankryk (Bretagne).

En it belangrykste wie dat gongbere boeren miskien wol mear omset hawwe, mar dat bedriuwen mei leech ferbrûk oan krêftfoer en biologyske boeren bettere bedriuwsrisseltaten helje. Mar dat is net in iennichste: se binne mear baas op eigen buorkerij. De dragers fan de ‘fernijde lânbou’ fiele har enerzjiker, nimme mear initsjativen, hawwe mear oerlis mei oare boeren en dogge ek noch wol ris was oars nêst it buorkjen. En Jan Douwe sjocht dan as fan belang foar de leefberens fan it plattelân. Yn deselde wike stiene der berjochten oer selsmoard yn de boerewrâld yn de krante – de gongbere boer sit yn de lytse loege. Hy sit klem.

‘Wrakseljen’

‘Gerzje’ foar alle fretten foar de kij en‘dongje’ mei eigen dong fan it bedriuw. It is ‘wrakseljen’, seit Van der Ploeg yn neifolging fan Hylke Speerstra yn De Oerpolder. Mar hy wiist ek de op boeren dy’t har eigen wei keazen hawwe, harren losmakke hawwe fan it omsittende laach, de suvelyndustry, de RABO, foerbedriuwen en keunstmestleveransiers. En hy priizge de opposysje yn de Fryske Steaten foar har moedige foarstellen foar it feangreidegebiet. Yn de diskusje liet er noch troch klinke dat ek de ‘fernijde lânbou’ oan eksport dwaan koe – der is fraach nei werkenbere kwaliteitsprodukten.

Bertus Mulder

Download hjir de presentaasje fan Jan Douwe van der Ploeg

Stichting Anita foar Fryslân

Stichting Anita foar Fryslân

Meer over Stichting Anita foar Fryslân