Jamila Ennour beëdige as kommisjelid

Door Provinciale Staten op 11 september 2018

Jamila Ennour (1972) út Snits is hjoed troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de PvdA yn Provinsjale Steaten. As kommisjelid kin frou Ennour meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin hja foar har fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Ennour hat in bestjoerlik-juridyske achtergrûn en hat goed 20 jier wurkûnderfining by de lokale oerheid. Op dit stuit is se wurksum as beliedsadviseur by de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dizze gemeente hat hja ek aktyf west yn it partijbestjoer fan de PvdA. Earder wie Ennour riedslid yn de gemeente Ljouwert.