Iere betiid troch it ‘tsjustere’ Fryske greidelân
Jierliks wurdt der troch Fryske natuerorganisaasjes in betide gearkomste yn de natoer organisearre. Dit kear wie it de beurt oan de Fryske Miljeu Federaasje. Op woansdei 17 septimber hiene se yn it ramt fan ‘Ontwakend Landschap’ in kleasterkuier opset. Steateleden Riek van der Vlugt en Douwe Hoogland rûnen mei en prakkesearden oer ljochthinder en natoerbehear.
Sa’n 35 minsken wiene om seis oere moarns te gast by boerenechtpear Auke en Rennie Stremler yn Jorwert. Fan dêrút waard yn trije dielen, fan yn totaal 9 kilometer, koers makke nei it Nij Kleaster. Van der Vlugt: “De rêst en it tsjusterte foel as in mantel oer ús hinne. En om’t we net prate mochten hawwe we ûnderfûn wat it tsjuster mei dy docht. Geandewei waard it ljocht en kaam de sinne boppe de kimen omheech.” In trein út Mantgum en opdûkende autoljochten waarden troch de kuierders sjoen as in fersteuring fan de rêst.
Ljochthinder
Dat ljocht steurend wêze kin komt ek oan de oarder yn de kommende Provinsjale Steategearkomste. “Takom wike stiet ‘ljochthinder troch agraryske gebouen’ op ús wurklist,” sa fertelt Van der Vlugt. “Wy fine dat ‘donkerte’ in kearnkwaliteit fan Fryslân is. Mei lytse oanpassings kinne boeren soargje foar in forse reduksje fan ljochthinder. En boeren kinne dêrneist in protte jild besparje op harren energzjynota.” It Kolleezje fan Deputearre Steaten wurdt dêrom oproppen om te kommen mei in plan fan oanpak. Hjirby moat, neffens Van der Vlugt, sintraal stean hoe ‘t gemeenten holpen wurde kinne by it kommen ta in sa breed mooglike reduksje fan ljochthinder en net allinnich dat fan feestallen.
Natoerbehear
In oar polityk ûnderwerp dat oan de oarder kaam wie natoerbehear. Yn de Lisoenserpolder is nammentlik in ekstra stik lân tafoege oan it greidefûgelkearngebiet. Boer Stremler fertelde hoe ‘t hy en de frou bewust keazen ha foar in foarm fan partikulier natoerbehear. Dit past neffens him better by it gebiet en harren wize fan wurkjen. Dat sy mei harren lân yn de ‘Ekologyske Haadstruktuer’ lizze wurdt sjoen as in nije kâns yn stee fan in bedriging. Troch dizze positive hâlding en de “prachtich simmerske” kuiertocht koe de dei neffens Van der Vlugt net mear stikken. “It wie in geweldige ûnderfining. Dêr wolle jo wol betiid foar út it bêd komme.”