Door In het nieuws op 29 juni 2017

Garânsjefûns foar duorsume inisjativen op it plattelân

AUDIO / OMROP FRYSLÂN — De provinsje ropt in garânsjefûns yn it libben, sadat lokale inisjativen op it mêd fan duorsumens trochgean kinne. In moasje fan PvdA, SP, CDA, FNP en D66 krige woansdei yn Provinsjale Steaten in mearderheid. No is it noch faaks sa dat duorsume inisjativen, lykas enerzjykoöperaasjes, yn doarpen op neat útrinne omdat de finansiering by banken mislearret. En as it wol slagget, binne de hege rintelêsten net op te bringen. Dêrom sil de provinsje no mei ûnder mear Doarpswurk ûndersykje hoe’t sa’n garânsjefûns derút sjen komme moat.

It garânsjefûns kin mooglik al yn 2018 yn wurking trêde. Provinsjale Steaten hat noch tweintich miljoen euro beskikber foar takom jier. Woansdei praten de Steaten oer wêr’t dat jild oan bestege wurde moat.


Remco van Maurik over het garantiefonds in gesprek met Omrop Fryslân

Garantiefonds voor duurzame initiatieven op het platteland

De provincie roept een garantiefonds in het leven, zodat lokale initiatieven op het gebied van duurzaamheid door kunnen gaan. Een motie van PvdA, SP, CDA, FNP en D66 kreeg woensdag in Provinciale Staten een meerderheid. Nu is het nog vaak zo dat duurzame initiatieven, zoals energiecoöperatie, in dorpen op niets uit lopen, omdat de financiering bij banken mislukt. En als het wel lukt, zijn de rentelasten niet of nauwelijks op te brengen. Daarom gaat de provincie nu met onder meer ‘Doarpswurk’ onderzoek doen naar hoe het garantiefonds eruit moet komen te zien.

Het garantiefonds kan waarschijnlijk in 2018 al in werking treden. Provinciale Staten heeft nog twintig miljoen euro beschikbaar voor komend jaar. Woensdag praatten de Staten over waar dat geld aan besteed moet worden.