De Lawei kin mar bouwe
Yn de gearkomste fan 24 april hawwe provinsjale steaten de oanfraach fan de gemeente Smellingerlân om in bydrage fan € 2 miljoen euro goedkard. It jild is ornearre foar nijbou en renovaasje fan Skouboarch De Lawei en Sintrum foar de Keunsten Meldij. By de behanneling fan de begrutting 2013 hiene de steaten al goed sein foar in foarriedich budzjet foar de kultuerhúsfesting yn Drachten. Yn febrewaris wie de gemeenteried fan Smellingerlân self al akkoart gien mei in totale ynfestearring fan € 18 miljoen. De kultuerketen Drachten is ien fan de ûnderdielen dy’t opnaam is yn de nije Kultuernota Grinzen Oer wêrby’t ynset wurdt op de útwurking fan de ferskate gearwurkingsaginda’s.
Yn de eardere provinsjale kultuernota Finsters Iepen wie al in earste oanset jûn foar de fuortsterking fan de fjouwer regionale kearnen foar boppelokale kulturele foarsjennings. It giet dan om plakken mei boppe de 30.000 ynwenners, en dêr is Drachten der ien fan. PvdA wurdfierder Ingrid Wagenaar is bliid mei de brede stipe foar de Drachtster plannen. “Benammen it feit dat De Lawei fierhinne gearwurkje sil mei it Sintrum foar de Keunsten Meldij, sprekt my oan. Dat is in win-win sitewaasje wêr’t oaren in foarbyld oan nimme kinne”.