Door Verkiezingen 2017 op 17 maart 2017

Christa Oosterbaan: “Dit is een grote klap voor ons”

OMROP FRYSLÂN — It grutste ferlies ea foar de PvdA betsjut net de ein fan de sosjaaldemokrasy. Dat seit Christa Oosterbaan fan Skylge. Se reagearret op it grutte ferlies fan de PvdA. De partij ferliest sa’t it no liket 29 fan de 38 sitten dy’t it yn 2012 helle hat en komt foarearst út op 9 sitten. Christa Oosterbaan stiet 20e op de kandidatelist en komt dus net yn de Twadde Keamer. “Dit is een grote klap voor ons, we wisten dat we zouden verliezen”, seit Oosterbaan, dy’t it hat oer in “ellendige avond”.

De PvdA hat net genôch sjen litte kinnen wat de resultaten fan fjouwer jier regearjen west hawwe, seit de Fryske kandidate. Oosterbaan bestriidt mei klam dat dit ‘de teloargang’ fan de sosjaaldemokrasy wêze kin. “Welnee! Morgen staan wij weer op en knokken we weer verder”, sa bliuwt se hoopfol. No’t Oosterbaan net yn de Keamer komt, wol se de kommende jierren in ferbiner wêze tusken Fryslân en de PvdA-fraksje yn Den Haach.

Skylge
Op it eigen eilân fan Oosterbaan hat de PvdA ek gjin goeie resultaten helje kind. Op it eilân bedarret de partij op in tredde plak mei sa’n 12 prosint fan de stimmen. Fjouwer jier lyn krige de PvdA op Skylge noch hast 30 prosint fan de stimmen.

////

Christa Oosterbaan: “Dit is een grote klap voor ons”

Het grootste verlies ooit voor de PvdA betekent niet het einde van de sociaaldemocratie. Dat zegt Christa Oosterbaan van Terschelling. Ze reageert op het grote verlies van de PvdA. De partij verliest zoals het nu lijkt 29 van de 38 zetels die ze in 2012 haalden. De PvdA komt dan op zo’n 9 zetels uit. Christa Oosterbaan stond 20e op de kandidatenlijst en komt dus niet in de Tweede Kamer. “Dit is een grote klap voor ons, we wisten dat we zouden verliezen”, zegt Oosterbaan, die het over een “ellendige avond” heeft.

De PvdA heeft niet genoeg kunnen laten zien wat de resultaten van 4 jaar regeren zijn geweest, zegt de Friese kandidate. Oosterbaan bestrijdt met klem dat dit ‘de teloorgang’ van de sociaaldemocratie kan zijn. “Welnee! Morgen staan wij weer op en knokken we weer verder”, zo blijft ze hoopvol. Nu Oosterbaan niet in de Kamer komt, wil ze de komende jaren een verbinder zijn tussen Fryslân en de PvdA-fractie in Den Haag.