Door Verkiezingen 2017 op 15 januari 2017

Christa Oosterbaan bliuwt 20e op kandidatelist PvdA

OMROP FRYSLÂN — Christa Oosterbaan fan Skylge bliuwt 20e op de kandidatelist fan de PvdA by de kommende Twadde Keamerferkiezings. Dat is de útkomst fan de stimming op it kongres fan de PvdA, sneintemiddei yn Utrecht. It riedslid fan Skylge stie ek al op dit plak op de konsept-kandidatelist fan de partij, mar op it kongres besochten oare leden dat noch te wizigjen.

Uteinlik moast der in stimming komme om it 20e plak tusken Christa Oosterbaan en Amma Asante dy’t sûnt septimber ferline jier Twadde Keamerlid is. Oosterbaan wûn dy stimming mei goed 76 prosint.

Sa bleau de top 20 itselde as de konseptlist.

///

Christa Oosterbaan blijft 20e op kandidatenlijst PvdA

Christa Oosterbaan van Terschelling blijft 20e op de kandidatenlijst van de PvdA bij de komende Tweede Kamerverkiezingen. Dat is de uitkomst van de stemming op het congres van de PvdA, zondagmiddag in Utrecht. Het raadslid van Terschelling stond ook al op deze plaats op de concept-kandidatenlijst van de partij, maar op het congres probeerden andere leden dat nog te wijzigen.

Uiteindelijk moest er een stemming komen om de 20e plaats tussen Christa Oosterbaan en Amma Asante, die sinds september vorig jaar Tweede Kamerlid is. Oosterbaan won die stemming met ruim 76 procent.

Zo bleef de top 20 hetzelfde als op de conceptlijst.