Door Douwe Hoogland op 3 juni 2015

Belibje it libben yn de greide

“Yn it fjild sjogge jo hoe ‘t belied wêze moat en wêr’t it oanpast wurde moat. Efter it buro moat it belied útskreaun wurde. Moandeitejûn wiene wy as de Steateleden te gast by de Skriezekrite rûnom Skrins en Skrok om it libben yn de greide te belibjen. En dat ha wy dien!”

Plasdras
“Wy wiene te gast by Murk Nijdam, hy buorket mei de natuer. Hy naam ús mei yn de flústerboat nei de kykhutte midden yn in stik plasdraslân. Wy gongen mei de boat om de fûgels net te fersteuren. Likegoed fleagen de skriezen, stirnsen en kluten op om harren jongen te warskôgen dat der gefaar drige. Wie it fartochtje al prachtich, yn ‘e hutte sieten jo midden yn it plasdrasgebiet. Nijdam hat in stik lân ôfgroeven en ûnder wetter set. It wetter stiet like heech as it bûtenwetter. It is sa heech genôch foar de steltrinners lykas kluten, mar foar guozzen en swannen is it net djip genôch. Der stiet net mear as tsien sintimeter. Yn ‘e hutte hiene jo moai sicht op de fûgels sa tichteby. Ek hat Nijdam in eilantsje makke wêrop fûgels briede. Wy koene de lytste pykjes yn it nêst sitten sjen. Mei in bakje kofje en in stikje koeke wie it in noflik gehiel. Mar wy moasten noch folle mear besjen. En ek de hearen fan Natoermonuminten, de fûgelwacht en it wyldbehear hiene wat te melden.”

Mozayklânskip
“Op it lân fan boer Yntema krigen wy útlis oer it moazaykbehear en de pilot ‘Mean op tiid’. Sjoerd Stenekes is mozaykreggisseur en lei út wat dat ynhâld. Hy sjocht yn it fjild wêr’t de piken sitte en wêr net. As de boer dan earst it stik meant wêr neat sit, dan kin letter, as de pykjes fleane kinne, it oare stik meant wurde. De piken kinne dan nei it stikje lân flechtsje wat earder meant is. Sa krije jo in mozayk yn it lânskip. As alle boeren yn de omjouwing mei dogge dan kinne we in soad piken rêde. Dan op nei it natoermonumint ‘De Skrok’. Al sûnt 1980 is dit stik lân tawiisd oan Natuurmonuminten. Al dy tiid is de ynrjochting mei greppels, leien en sleaten bleaun sa as it wie. Ek hjir rûnom fûgels en in prachtige krûderike greide. Yn it kantoar fan Natuumoniminten stie in hapke en drankje klear.”

Neipetear
“Yn 2016 stiet der in hiel nij belied foar agrarysk natoer- en lânskipsbehear oan te kommen. De nije plannen komme yn stikjes en bytsjes binnen. It kin goed útpakke foar de greidefûgels, mar der binne wichtige saken dy’t omtinken freegje. Yn it ferline is der in soad jild op it ferkearde plak telâne kaam. Ek freegje de natoerminsken om in aktyf wyldbehear. De subsydzjes foar it greidefûgelbehear hat wol fertuten dien. It giet better mei de skries en de ljip. Mar no is der in probleem mei predatoren. Harmelinkjes, weezelinkjes, marters en foksen frette sa mar tsientallen nêsten leech. En net te ferjitten de krieën, it gefaar út de loft. Wyldbehear mei dêr no net safolle oan dwaan. Sy freegje om meitinken troch de polityk. Dit wurdt ûnderstreke troch de fûgelwachten en Natoermonuminten.Wat ek wichtig is dat de bern wer opgroeie mei en yn de natuer. Underwiis kin hjir wezenlik oan bydrage. De boer fan moarn hat ek ferlet fan neisoargers. De polityk kin mei dizze boadskip op hûs oan en kin werom sjen op in tige moaie learsume jûn.”

Douwe Hoogland

Douwe Hoogland

Douwe Hoogland

Naam: Douwe Hoogland Geboren: 3 maart 1952, Bartlehiem (Tytsjerksteradiel) Woonplaats: Aldtsjerk Beroep: bestuurder en oud-boer Telefoon: 06 – 20 53 31 78 E-mail: [email protected] Douwe’s favorieten PvdA’er: Anita Andriessen Hobby’s: mountainbiken, wandelen en met de camper op stap Tv-programma: Tegenlicht Boek: De Graanrepubliek van Frank Westerman Radiozender: NPO1 Krant: Trouw en Nieuwe Oogst Moment: als alle

Meer over Douwe Hoogland