Fryske PvdA moat de partij lanlik it paad wize
VIDEO/AUDIO – De Fryske PvdA moat de partij lanlik it paad wize, om’t de ‘saamhorigheid’ hjir it grutst is. Dat sei lanlik PvdA-foarsitter Hans Spekman freed yn kafee Wouters yn Ljouwert. Dêr wie de start fan it projekt ‘Van Waarde’ dêr’t de PvdA op syk sil nei de bêste wize om de kiezers werom te winnen. Mei sa’n fyftich regionaal aktive PvdA-ers waard freed bepraat hoe’t de partij de kiezer wer oansprekke kin. Dat sil neffens Spekman benammen moatte troch in appel op ‘sosjale feroaring’.
Keamerlid Lutz Jacobi oer takomst PvdA en Van Waarde projekt
Hans Spekman: “Maatschappelijke verandering is het doel”