17 november 2012

Steatelid Ingrid Wagenaar oan it miel sûnder fleis

Woansdeitemiddei waard troch learlingen fan it Bogermankolleezje yn Snits in super lekker diner klearmakke, sûnder fleis. Yn gearwurking mei de Friese Milieu Federatie en de provinsjale kampanjes ‘Oars ite’ en ‘Ik hâld fan Fryslân’ wie in reseptewedstriid útskreaun. Resepten sûnder fleis! Want minder fleis ite is goed foar de sûnens en better foar natoer en miljeu. Alle ynstjoerde resepten waarden úttest en de bêsten bedarren yn in kreas boekje dat de jûnes oan deputearre Sietske Poepjes oanbean waard. Want minder fleis ite is goed foar de sûnens en better foar natoer en miljeu. 

Alle ynstjoerde resepten waarden úttest en de bêsten bedarren yn in kreas boekje dat de jûnes oan deputearre Sietske Poepjes oanbean waard. Want minder fleis ite is goed foar de sûnens en better foar natoer en miljeu. Alle ynstjoerde resepten waarden úttest en de bêsten bedarren yn in kreas boekje dat de jûnes oan deputearre Sietske Poepjes oanbean waard. De gasten waarden ûnthelle op hartige muffins, saffraanrisotto mei frituerde paddestuollen en iis mei frites fan sûkerbôle nei. In feestmiel!

De Friese Milieu Federatie en de provinsje Fryslân stribje der nei om fan Fryslân de meast duorsume provinsje fan Nederlân te meitsjen. Sy wolle net allinne op it mêd fan foedsel (Oars ite) mar ek mei klaaiing en tekstyl (Fair Fibers) jongerein bewust meitsje fan de ynfloed fan harren hâlding en gedrach op de natoer en it miljeu om harren hinne. Uteinlik moat it liede ta it ferlytsen fan de Ekologyske Fuotprint, want alles watst ytst en drinkst nimt romte yn beslach om’t it ferboud en ferfierd wurde moat. Sjoch foar mar ynfo op: www.ikhouvanfryslan.nl