‘Nije Fryske staveringshifker moat der rap komme’
De PvdA yn Fryslân wol dat der op koarte termyn in goed wurkjende, leechdrompelige en by de tiid brochte fersy fan de Fryske staveringshifker komt. De fraksje har dêrom skriftlike fragen stelt oan Deputearre Steaten. De PvdA fynt dat troch it ûntbrekken fan in aktuele fersy fan de Fryske staveringshifker der ôfbrek dien wurdt oan de foarútgong fan it skreaune Frysk yn tal fan Fryske domeinen. Lykas yn it ûnderwiis en by de oerheid. Wurdfierder Fryske Taal en Kultuer Ingrid Wagenaar: “Doe’t de staveringshifker jierren lyn yn gebrûk naam waard, wie dat echt in boppeslach foar it brûken fan it skreaune Frysk. Arguminten as: ik wit net hoe’t ik it skriuwe of staverje moat, wiene yn ien klap fan de baan. De staveringshifker op de kompjûter ynstallearje en it wie klear!”
De Fryske Akademy is al in moai skoft (sûnt 2011) dwaande mei it ûntwikkeljen fan in nije en oanpaste staveringshifker njonken in grien boekje foar it Frysk en mei in nij digitaal wurdboek Frysk-Hollânsk/Hollânsk-Frysk. De PvdA fraksje begrypt dat ien en oar sa syn tiid ha moat mar benammen in goed wurkjende, leechdrompelige en by de tiid brochte fersy van de Fryske staveringshifker soe no sa stadichoan wol wer beskikber wêze moatte. “Ik wol dat it kolleezje oanjout wannear’t de nije Fryske staveringshifker beskikber wêze sil. It raast oan de protters dat wy dêr no al sa lang op wachtsje moatte.”