Oanpassing staveringsregels Frysk yn Steaten
De Fryske Akademy hat, om foldwaan te kinnen oan har opdracht fan de Fryske Steaten om in wurdboekportaal, in digitale staveringshifker, in Grien Boekje en in Oersethulp te meitsjen, in foarstel dien ta oanpassing fan de Fryske stavering. Dit omdat se oars yn de knipe komme mei de standertwurdlist dy’t de basis foarmet fan alle opdrachten. De Fryske stavering is no net konsistint en dat wurket dus net by sa’n opdracht. Dêrfandinne dat de Steaten posityf advisearre hawwe oer de oanpassings dy’t in feroaring betsjutte fan goed 10% fan de wurden.
It giet mar om in pear saken, de oanpassings binne lyts, mar foar guon wurden wol yngripend. It is in logysk útstel fan de FA en it makket de stavering oersichtliker en makliker te learen foar bûtensteanders. Earder al hie wurdfierder Ingrid Wagenaar frege wêrom it sa lang duorje moast foardat de Fryske staveringshifker (spellchecker) klear wie. It antwurd leit besluten yn it oanpassen fan de staveringsregels. “Moai dat dat no regele is, dan kin der faasje makke wurde mei de digitale staveringshifker, dêr is echt ferlet fan”! Deputearre Jannewietske de Vries sei ta der by de FA op oan te trunen dat de hifker der foar 1 oktober 2013 ek werklik is.
Foar de leafhawwers, de feroarings yn it koart:
De stavering fan de klank /u(:)/
Haadregel; de /u(:)/wurdt yn it Frysk stavere as ‘û’. Op dy regel binne twa útsûnderingen:
- As it dúdlik oerienkomstige standertnederlânske wurd in ‘oe’ hat, dan hat it Fryske wurd dat ek. In beheind tal (ca. 20) meast leechfrekwinte wurden krijt mei dizze regeloanpassing in oar wurdbyld. Guont dy’t no (almeast) mei in ‘û’ stavere wurde, sille nei de regeloanpassing mei in ‘oe’ skreaun wurde.
Foarbylden binne:
fûkepot -> foekepot
fûterje/foeterje -> foeterje
kalmûs -> kalmoes
Guont (ca. 20) dy’t no mei in ‘oe’ stavere wurde, sille nei de regeloanpassing mei in ‘û’ skreaun wurde.
Foarbylden binne:
bazoeka -> bazûka
doezebout -> dûzebout
hoekeniel -> hûkeniel
- De bûging fan in beheind tal ûnregelmjittige tiidwurden krijt yn de doetiid foar de /u(:)/-klank ‘oe’.
Foarbylden binne:
bedrage – bedroech – bedragen
slaan – sloech – slein
De stavering fan ‘eo’ en ‘eau’
It wurd reauntsje, dat ek wol as reontsje stavere wurdt, wurdt konsekwint reauntsje;
De stavering fan ‘ieu’ en ‘iuw’
De stavering ieu ferdwynt mei as konsekwinsje dat de wurden ieu, Sieusk en Hebrieusk tenei mei ‘iuw’ stavere wurde,
De algemiene stavering fan frjemde wurden
Frjemde wurden kinne stavere wurde neffens de regels foar Fryskeigene wurden én neffens de regels út de boarnetaal. Hjir is gjin regel foar te jaan. Yn de standertwurdlist wurdt helderheid jûn.
Foarbylden binne:
Kompjûter dêr’t de Fryske stavering fan ynboargere is, mar wurden as ‘lits-jumeaux’ of ‘coach’ binne hast net oer te setten. Dit smyt faak tige frjemde wurdbylden op.
De stavering fan f/v en s/z yn frjemde wurden
Oan it begjin fan in grûnwurd komt yn it Frysk yn prinsipe net in v of z foar, mar in f of s, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of in ôflieding. Dat jildt foar sawol eigen as liende wurden.
Dus: bestiet yn it Frysk in (frjemd) grûnwurd mei oan it wurdbegjin in f of s, dan wurdt dat lyksa stavere yn in gearstalling of ôflieding.
Konsekwinsje mei foarbylden:
fokaal (selsstannich wurd), dus: stamfokaal, semyfokaal, ynterfokaal fyzje (selsstannich wurd), dus: telefyzje, superfyzje, profyzje, refyzje falide (selsstannich wurd), dus: ynfalide