Hoedzje en noedzje fan Twizelermieden
Steatelid Riek van der Vlugt hat skriftlike fragen stelt oan deputearre Johannes Kramer oer de hjoeddeistige situaasje fan de Twizelermieden. Yn 2010 hat de provinsje in buorkerij mei lân yn it gebiet oankocht yn ferbân mei de realisaasje fan it ‘Natoernetwurk Nederlân’. PvdA Fryslân wol fan Kramer witte hoe’t it natoergebiet it bêste hoede en noede wurde kin.
It gebiet fertsjintwurdicht neffens Van der Vlugt nammentlik in “bysûnder hege natoerwearde”. “De Twizelermieden is in unyk stikje leechfeangebiet dat in soad minsken noch net ûntdekt hat.” Fierder wol it Steatelid witte oft buorkjen as natoer liedend wêze sil by de oankochte lokaasje. Ek is Kramer befrege oer it wetterpeil yn de Twizelermieden. In ûndersyk fan Wetterskip Fryslân hat nammentlik bliken dien dat in ferheging fan it wetterpeil mei 75 à 100 cm nedich is foar optimale natoersûnens. Om’t it wetterpeil sa’n ein omheech moat freget Van der Vlugt har ôf hokker oare mooglikheden der binne foar it gebiet, bygelyks rekreaasje en toerisme. As lêste is oan Kramer frege hoe‘t de realisaasje fan it ‘Natoernetwurk Nederlân’ op oare plakken yn Fryslan ferrint.