Yn ‘e rie
Ûngefear in hûndert jier tebek, krige de tsjerkemienskip fan Earnewâld te meitsjen mei de komst fan in krekt ôfstudearre dûmny. Dat paste goed by in lytse tsjerklike gemeente as Earnewâld. Hy begûn fansels wat foarsichtich: Hy moast oeral wat oan wenne en de befolking moast ek wat oan him wenne. Mar al gau waard de jongeman al better en better, sadat it doarp al gau tefreden wie mei de jonge dûmny. Mar men as noch jong is, dan is der op en seker momint gjin útdaging mear yn sa’n lytse mienskip en fral as der in plak frij komt by in gruttere tsjerke earne oars yn it lân, dan siket sa’n jongeman it wat hegerop. As hy dan ferhuzet, dan is it hiele doarp de miening tadien dat men noch noait sa’n goeie predikant hân hat. Mar dan komt der in nije man , dy’t krekt as syn foargonger mei syn teology stúdzje kear is. De skiednis werhellet him. Earnewâld moat om him wenne en oarsom sil hy wenne oan de mienskip. Mar ek de nije dûmny kriget alles wer op ‘e regel. En jawol, ek hy sjocht nei ferrin fan tiid út nei in promoasje en giet ek wer fuort en wer fynt it doarp, dat gjin bettere dûmny west wie.De fraach is: Binne der parallellen te lûken mei nije riedsleden? Foar in ienfâldich riedslid sil dat net altyd opgean. It leit oars by oankommende jonge wethâlders. Hoe faak bart it net dat in talintfolle persoan op jonge leeftyd – faak ek omdat oare riedsleden, mei goeie baan of om oare redenen gjin wethâlder wurde kinne- yn oanmerking komt foar dizze politike funksje. Dizze jonge wethâlder, sil it krekt as in jonge dûmny him of har ynwurkje moatte yn’ e matearje, mar hat de kâns dat nei ien termyn, dat hy of sy wer werom komme sil, omdat de wethâlder it wurk goed dien hat. It kin sels sa wêze dat der in fierdere karriêre yn it maatskiplik libben foar it opgripen leit. Yn de stêden, wêr studinten wenje, sjocht men faak dat jonge wethâlders beneamd wurde. It kin ek oars. Fral by de plattelânsgemeenten leit it aksint faak oars. Dan blykt dat men oan it ein fan in aktyf maatskiplik libben en mei it sicht op in kommend pensjoen noch optrede kin as lid fan it kolleezje fan B en W.
It leit foar de hân is wol dat de oerdwealske jeugdige ambysje fansels wol wat fuortsakke binne, mar oan de oere kant is der sprake fan stik libbensûnderfining, in besonken oerdiel, mear wiisheid en gean sa mar fierder. Der stiet miskien tsjinoer in wat mindere fleksibele hâlding en fansels minder fysike krêft. En dat sa’n wethâlder op in skopstoel sit, sil him of har net sa gau fan de wize bringe, want as de stipe in de rie fuortfalt , troch in krisis, in moasje fan wantrouwen of in minne ferkiezing útslach, dan sil dat foar it ynkommen net folle útmeitsje, omdat it pensjoen foar de doar stiet
Dat leit oars foar de leeftiidskatagory, dy ‘t falt tusken de jonge wethâlders en de leden fan it kolleezje mei senioaren. Gelokkich lizze foar de fjirtigers en de fyftigers dy’t bûten harren eigen skuld tusken de wâl en it skip fallen binne, troch it duale stelsel, perspektiven om wethâlder wurde te kinnen yn in oare gemeente. Der is ommers in grut tekoart oan bestjoerders mei kapasiteiten.
Yn it junynûmer fan “Lokaal Bestuur” hat Jacqueline Kalk it oer de leeftiidsopbou fan de riedsleden. Sy jout de situaasje oan dat de leeftiidsopbou fan alle riedsleden yn it lân net lykmjittich is. Der binne net folle riedsleden fan ûnder de tritich jier. De measten binne tusken de fiifenfyftich en de fjouwerensechtich jier. Boppedat sitte guon al foar de fjirde kear of noch langer yn ‘e ried. Kalk fynt dat net goed, want it ûntbrekt jo faaks oan in stikje útdaging. Sy fynt it dan ek ferstannich dat sokke minsken op in stuit romte meitsje foar jongeren, ek al binne dizze partijgenoaten miskien noch net sa betûft.
Yn Fryslân hawwe benammen de gruttere gemeenten en de steaten dy trochstreaming wol yn de praktyk tapast. Mar oan de oare kant is tige wichtich dat der wat âlderen mei in grutte maatskiplike fisy yn de gemeente sitte, want It riedswurk is der net makliker op wurden de lêste jierren. Tink mar oan al dy oerheidstaken en de besunigings, dy ’t jo te ferwurkjen krije. En net te ferjitten dat men de boer op moat om it ferhaal fertelle te kinnen oan de bûtenwacht.
En dy bûtenwacht gedraagt him net altyd like fatsoenlik of sterker noch: Yn in soad gefallen wit men de wei nei de rjochter gau te finen. Eartiids stie men as rieds- of steatelid en wethâlder yn heech oansjen. Dat is yn dizze tiid wol wat oars wurden. It mei miskien wol wat tafalle as de amtlike tsjinsten goed harren wurk dogge, mar dy deale, as is dy organisaasjes net goed wurkje of harren gedrage as in fjirde macht. Dat hat in wethâlder it net maklik, as der dan wat mis giet, dan kin de wethâlder it leksum krije. En dochst sille der partijgenoaten wêze moatte dy’t net skruten wêze sille om de taak as folksfertsjinwurdiger oanpakke wolle te wollen, oars komt it yn dizze tiid op de kop ferkeard. De jonge dûmny yn Earnewâld die hûndert ferlyn dat ek. En wienen de tiden doedestiids ek sa fraai? Dus op nei de riedsferkiezings.