OMROP FRYSLÂN – Politike partij Feriene Lofts docht net mei oan de steateferkiezings yn maart 2019. Yn stee dêrfan slút de partij him oan by de kampanje fan de PvdA yn Fryslân. Foarsitter Addy Stoker seit dat de leden fan Feriene Lofts wurdearring hawwe foar de manier wêrop’t de PvdA de ôfrûne fjouwer jier wurke hat yn provinsjale steaten. Dêrnjonken wol Feriene Lofts in fiere fersnippering op links foarkomme.
Feriene Lofts is in partij dy’t oprjochte waard troch SP-ers dy’t it net iens wiene mei it lanlike SP-bestjoer om net mei te dwaan oan gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. De partij hat folksfertsjintwurdigers hân yn provinsjale steaten en yn de gemeenterieden fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Op dit stuit is de partij nearne fertsjintwurdige.