1 mei 2014

Morgenrood yn Skraard

Soms barre der fan dy dingen dêr’t jo yn dizze drege tiid gewoan bliid fan wurde. Wat is it gefal?

Komponist Pieter Bakker fan Skraard organisearret op snein 18 mei 2014 in konsert yn doarpshûs De Utwyk, Schoolstraat 16, 8746 NH yn Skraard. It konsert hat de titel krigen: Morgenrood – socialistische dichters opnieuw verklankt.

Hy docht dat op basis fan teksten fan Piter Jelles Troelstra, syn broer Dirk Troelstra, de sosjalistyske dichter Adema van Scheltema en fan Salomon Bonn.

Wa’t âlde jiergongen hat fan De Nieuwe Tijd of De Socialistische Gids, komt dizze lietskriuwers allegear tsjin.

De musyk is fan Paulus Folkertsma en Otto de Nobel, en Pieter Bakker sels hat twa strofen út it gedicht Meitroost van Bonn op musyk setten.

Der wurdt songen troch Netty Otter, de kontrabas is foar Nienke Koster en it gehiel wurdt stipe troch it Alauda Kwartet.

Pieter Bakker hat earder lieten fan Piter Jelles op musyk setten. De organisaasje noeget elkenien út dy’t hopet op bettere tiden: ‘O kom dochs, kom do blide dei, dat alle minsken minsken binne….    

Tagong is fergees. Skraard leit yn de gemeente SúdwestFryslân, tusken Boalsert en de kop fan de Ôfslútdyk.

Wy woene der mar efkes hinne.

Bertus Mulder