31 mei 2024

In memoriam: Klaas Dankert

Klaas Dankert wie boeresoan, waard lânboufoarljochter en bekroade him yn 1974 as foarsitter fan de pleatslike kommisje Geluidshinder oer de lûdsoerlêst yn Marssum troch it militêr fleanfjild. Hy wie riedslid fan Menameradiel, waard yn 1977 lid fan Provinsjale Steaten en wie fan 1978 oant 1989 deputearre mei de portefúlje Ferkear en Wettersteat. Yn syn tiid kaam it earste Provinsjaal Miljeu Beliedsplan ta stân.

Ut dy tiid heucht my in foto út 1984 yn de Ljouwerter Krante fan in kondukteur dy’t yn de trein tusken Snits en Starum perses opmakket tsjin Klaas – hy hie oan de needrem lutsen. ‘De Súdwesthoeke kin net sûnder dizze trein’, liet er witte en hy joech dermei in signaal ôf yn de rjochting fan Den Haach. Hy krige in boete, moast ferskine foar de kantonrjochter en dat spiet him net. ‘Zo krijg ik opnieuw de kans het grote belang van de treinverbinding op dit traject te onderstrepen’. It die fertuten – mear as dat! It spoar bliuw en it slagge yn 1985 ek it stasjon Drylts wer iepen te krijen.

Ûnder syn lieding waard de PvdA yn 1987 de grutste partij yn Fryslân, mei 38,9 persint fan de stimmen. Fan 1989 oant 2003 wie er boargemaster fan It Bildt. Dat past him wûnderwol – fan hûs út wied er grutbrocht mei it Frysk én it Bildsk. Hy wie dêr te plak. Hy wenne op in pleats op de romte, en ek yn syn lettere wenhûs yn Sint Anne moast er oer de flakte útsjen kinne.

Letter kaam ik him tsjin yn it oerlis mei de Provinsje, hy as foarsitter fan de Centrale Bibliotheekdienst CBD, as foarsitter fan it Natoermuseum. Mar it measte omgong hiene wy as bestjoersleden fan it Je Maintiensrai Fonds. Klaas wie sekretaris, makke in beoardieling fan alle subsydzjeoanfragen en lei dat it bestjoer foar. Somtiden ûntstie der diskusje, Klaas harke der glimkjend nei en úteinliks diene wy wat er foarsteld hie. Hy hie in Bildts radioprogrmma en learde asynsikers yn Sint Anne Nederlânsk – hy woe njonken minsken stean, sadat dy hat better rede koene.

Hy wie ek de man fan it Japikspaad, en fytste mei Truida 2700 kilometer fan St. Japik oant Santiago de Compostela. Syn leste fytstocht wie nei Surch. Folslein ûnferwachts kaam der in ein oan in warber libben.

Bertus Mulder