Bêste lezer,
Anita Andriesen hat as polityk gesicht fan de Fryske Partij van de Arbeid (‘Anita foar Fryslân’) in breed draachflak ûntwikkele foar har ‘Dream foar Fryslân’. In dream dy’t har fyzje foar Fryslân op wei nei 2030 oanjoech. Sy ynspirearre dêrmei in soad minsken en bûn ek minsken oan har.
Doe’t Anita’s yn desimber 2008 ferstoarn wie, seagen wy it as ús opdracht mei in jierlikse lêzing Anita har tinken en ynspiraasje fierder ynhâld te jaan.
Ek foar dit jier hiene wy in moaie sprekker dy’t prima paste yn in tinken fan Anita. We hawwe it fan alle kanten besjoen, mar de kans dat it fanwegen de korona-krisis ôfsein wurde moat, dat wy mei tefolle minsken op elkoar sitte soene, hat ús derta brocht om de Anita –lêzing foar it jier 2020 net trochgean te litten. Wy hoopje dat it takom jier wer kin.
Om it net ûngemurken foarby gean te litten, stjoere wy jimme it ferhaal fan Anita út 2006 ta.
Om yn it ûnthâld te bringen: de lêzings wiene:
2009 Hans Konst – oer De Takomst fan it Plattelân
2010 Jetta Klijnsma – oer Samen Sociaal en Solidair
2011 Rudy Rabbinge – oer De wereldpositie van de Friese Landbouw
2013 Lutz Jacobi en Tjerk Voigt – oer de Wadden
2014 Monika Sie Dhian Ho, direkteur WBS – oer Piketty en het Van Waarde project.
2015 Ton Heerts, foarsitter FNV – oer Bezuinigen ter versterking van de export?
2016 Mariët Hamer, foarsitter SER – oer Een Fatsoenlijk bestaan.
2017 in sprekker dy’t net opdaagjen kaam.
2018 Jan Douwe van der Ploeg – oer De kwaliteit fan de lânbou
2019 Theunis Piersma – oer De kwaliteit fan de natoer.
It bestjoer fan de Stichting Anita foar Fryslân,
Fimke Hijlkema, foarsitter
Bertus Mulder, skriuwer
Hans Konst, ponghâlder
Joop van den Berg, bestjoerslid