Door Vrouwennetwerk op 1 november 2016

Yn it sintrum fan it regear

Begjin oktober hat it PvdA frouljusnetwurk in besite brocht oan de Twadde Keamer. De froulju, dy’t foar in grut part noch nea yn ‘e Twadde Keamer west hiene, seagen harren eagen út. Foaral de kombinaasje fan âld bou en nijbou en de prachtige âlde biblioteek foelen op. Ynhâldlik wiene der petearen mei Keamerlid Joh Kerstens oer partisipaasjewet en mei Marith Voth oer de WMO.

De froulju koene harren fragen stelle, bygelyks wêrom de partisipaasje wet útgiet fan leech opliede minsken mei in beheining, wylst der ek guon mei in goed ferstân arbeids gehandicapt binne. Kerstens joech oan foaral dit soarte praktykfoarbylden troch te jaan. Der binne noch genôch saken te ferbetterjen, ek wat de WMO oangiet.

Wat alderaardichst wy, wy dat it frouljusnetwurk Diederik Samsom op ‘e gong tsjin kaam. Samsom werkende Hiltsje Hoekstra, syn juf fan de basisskoalle, lykwols earst net.

2016-10-6-fnw-besite-den-haag-img_5389

Diederik Samsom tegearre mei syn âld skoaljuffer Hiltsje Hoekstra

In oar hichtepunt wie it bywenjen fan de plenêre gearkomst. It is tige wichtich dat ek ús ‘gewoane frou fan ‘e strjitte’ de kâns krije om yn it sintrum fan it regear te sjen. It gong der fel om ta, doe’t Martin van Rijn syn persoonsgebondenbuget moast ferdigenje. Oer it beropsûnderwiis moast Jet Bussemaker letter ek noch yn petear.

Al mei al wie it in sear slagge dei. Wêrby gesellighyd in grutte rol spiele, mar wêr’t ek wer aardich wat nije kontakten lein binne.

2016-10-6-fnw-besite-den-haag-img_5398