Robúste Wiete As
Yn it artikel yn it FD ôfrûne sneon wêr’t yn stiet ‘Plan voor robuuste natte as wordt ineens weer op tafel gelegd’ werkenne wy ús as PvdA yn elts gefal net. It artikel ymplisearret dat de ‘natte as’ al skrast wêze soe. Dat is net it gefal. Yn ‘e lêste steategearkomste hawwe we dêr no krekt oer beslist. It binne noch hieltyd Provinsjale Steaten dy ‘t de kaders fêststelle, en beslute at soks fan tafel fage wurdt as net. Wy kin ús foarstelle dat LTO foarsitter Kooistra en direkteur Friese Milieufederaasje Van der Werf ferrast wiene. It kolleezje hie in oare foarkar, mar dêrmei stie it beslút noch net fêst.
De Ekologyske Haadstruktuer – ynklusyf de Robúste Wiete As – soenen yn 2018 realisearre wêze, sa stiet yn ús Fryske Streekplan. In grutte mearderheid fan de Fryske Steaten fynt 2012 dan ek noch te prematuer om no de Robúste Wiete As al op te jaan en út it Streekplan te skrassen. Dizze wiete as biedt nammentlik ek kânsen foar minsken, bisten en lânskip. Net allinnich in droege ekologyske haadstruktuer mar ek wiete ferbinings binne fan belang foar bisten om fan it iene nei it oare plak te lûken. Mei ús amendemint ha de Steaten besletten dat der yn 2017 evaluearre wurde sil. Dan sjogge wy yn hoefier at saken wol as net oanpast wurde moatte.
Dat, per saldo is er neat feroare. De Robúste Wiete As bliuwt yn ‘t Streekplan stean sa at it is. Der bliuwe likefolle kânsen om dy wiete as al wurkjende wei te realisearjen. Ek yn gebieden bûten de wiete as moatte we sjen nei mooglikheden om te ynvestearjen yn de natuer, sa hawwe we dat ek ferwurde yn it amendemint dat oannaam is. Tegearre mei it Wetterskip, lânbou en natuerorganisaasjes, ûndernimmers, oare partikulieren of organisaasjes út de Streek sykje nei mooglikheden en inoar fersterkje. Dat is de opjefte.
En dat is wat de partners út it fjild ek wolle. Sy ha dit ferwurde yn harren Griene Manifest (senario 3) dat noch in stap fierders giet at wat de Steaten woansdei besletten ha. (Wy hienen dat graach wollen mar mei 75% minder jild fan út it Ryk, kin jo nea itselde dwaan. Mar dy ambysje hâlde wy wol. At der mear jild fan’t Ryk komt kin wy ús ambysjes wier meitsje).
De PvdA is dan ek bliid dat yn it Grien Manifest (it Plan van Oanpak fan de gearwurkjende partijen dy ‘t mei natuerbelied te meitsjen ha), sprutsen wurdt om te kommen mei in ‘kansenkaart’. ‘Ecologische potenties zijn daarbij uitgangspunt voor de te maken keuzes’. Wy sjogge der nei út. No net mear eamelje mar dwaan. Mar dan wol mei inoar, op ús Fryske wize, want dêr sit ús krêft. En dêr wurdt Fryslân moaier fan.