24 oktober 2013

Tydlike staveringshifker Frysk online

Der wurdt op it stuit drok wurke oan de nije staveringshifker/spellchecker Frysk by de Fryske Akademy yn Ljouwert. It fernijde helpmiddel is basearre op de wurdlist Frysk dy’t de Akademy yn opdracht fan de Steaten oan it gearstallen is. Mei op fersyk fan de PvdA Steatefraksje is der no al tydlik in staveringshifker Frysk Microsoft Office Word 2010 beskikber, basearre op de âlde wurdlisten, mar dêrom net minder brûkber.

Op de webside fan de Fryske Akademy is de staveringshifker ‘ynpakt’ te downloaden. Link: http://www.fryske-akademy.nl/fryske-akademy/utjeften/staveringshifker/

Waar ben je naar op zoek?