Twatalich opfiede
Twatalich opfiede, wêrom eins? Ha Frysk-Hollânske twatalige bern in bettere fokus en in better wurkûnthâld as ientalige bern? Binne d’r noch oare foardielen om twatalich te wêzen? En binne der eins ek neidielen? Dit binne fragen dy’ t sintraal stiene by de presintaasje fan ûndersiker Evelyn Bosma op in gearkomste fan de Museum Universiteit fan 22 maaie kl. yn Tresoar.
As âlder fan twatalige bern spruts de gearkomste my oan. Ik bin opgroeid yn in Frysktalich húshâlding. De Nederlânske taal learde ik op ‘e dyk en skoalle. Myn man komt út. De fiertaal tusken ús is Nederlânsk. Mei de bern foar in grut part ek. Myn mem is altyd konsekwint Frysk bliuwe praten tsjin har beppesizzers. En dêr bin ik efterôf hiel bliid mei. De bern kinne it Frysk en Nederlânsk goed.
Mei de kennis fan no hie ik as Friezinne mear omtinken jaan wollen oan it oerbringe fan myn memmetaal op de bern. Wêrom die ik dat net? Op ien of oare wize fûn ik it 18 jier lyn noch gjin issue. Ik wurke yn in bedriuw dêr ’t de fiertaal Nederlânsk wie en it belang fan it koesterje fan de Fryske taal en kultuer stie net boppe oan myn list. Ek wie der 18 jier lyn noch net sa folle oandacht foar twatalich opfieden as no. Ik krige gjin ynformaasje fan it konsultaasjeburo en de Frysktalige pjutteboartersplakken wiene der noch net yn ‘e buert fan Ingelum. Dit is no gelokkich folle better regele .
De presintaasje fan Evelyn Bosma spruts my ek oan as Steatelid fan de Provinsje Fryslân. As wurdfierder taal en kultuer fyn ik it wichtich dat de provinsje de twadde rykstaal beskermet en takomstbestindich makket. Hoe moat de Provinsje dit neffens my dwaan? Under oare troch it berikken fan âlden mei de boadskip it Frysk foaral oer te bringen op harren bern, fia it ûnderwiis en it ûntwikkeljen fan oansprekkende en brûkber materiaal foar âlden en ûnderwiis. Dat der yn ‘ e gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 25 maaie kl. troch de fraksje fan de VVD sein wurdt dat âlden it Taalkado fan de Provinsje Fryslân yn in hiel soad gefallen yn it Jiskefet smite is net myn ûnderfining. Mar sa hat elkenien syn eigen belibbing en der sil fêst in ferskil wêze tusken stêd en plattelân wat de affiniteit mei de Fryske taal oanbelanget. In debat yn Provinsjale Steaten oer de winske kwaliteit en de bêste strategy is op syn plak by de beliedsbrief kultuer, taal ,ûnderwiis en sport yn septimber.
Wat kaam der no út it ûndersyk fan Evelyn Bosma? Frou Bosma hat 3 jier lang 120 bern út Fryslân fan 5-8 jier folge. De útkomst is dat twatalige bern gjin opfallend bettere fokus of wurkûnthâld ha. In faak neamd neidiel dat bern dy ’t de earste jierren Frysktalich opfieden wurde efterstân hâlde op de Nederlânske taal is net oan ‘e oarder. Foardielen binne dat twatalige bern flugger in tredde taal leare, se begripe better hoe’ t de memmetaal wurket en se prate twa talen! Dit liket in iepen doar , mar is weardefoller dan in soad tinke.
Voor de lezers die zich afvragen waarom dit stuk niet in het Nederlands is geschreven. Klik hier voor de Nederlandse versie.