27 februari 2013

Rom baan foar petysje Frysk Museum

Peter de Haan en Andries van Weperen hawwe koartlyn digitaal in petysje oanbean oan de Fryske Steateleden. In petysje mei mear as 600 ûndertekeners wêryn’t omtinken frege waard foar in royalere finansiering fan it Frysk Museum. In royalere finansiering yn de oanrin nei Kulturele Haadstêd 2018 en in royalere finansiering at it giet om grutte en spraakmeitsjende tentoanstellings nei Ljouwert te heljen. As PvdA-steatefraksje binne wy bliid mei de petysje, de takomst fan it Frysk Museum giet ús ek oan it hert. 

Ynternasjonale kontakten
No is it wol sa dat it Fries Museum al ekstra jild krigen hat foar in iepeningstentoanstelling en boppedat jild foar in bloedmoai en yndrukwekkend nij gebou op it Saailân. Wy ferwachtsje fan it museum dat se ús ferrasse sille mei in ambisjeuze en spraakmeitsjende tentoanstelling fan nasjonale en ynternasjonale alluere. Foar de jierren dêrnei is it saak om goede ynternasjonale kontakten te hawwen en te ûnderhâlden om tal fan nijsgjirrige saken hjir hinne te heljen en te ruiljen! Mei de opset fan it nije museumdepot skielk, sil de klam op ûntsammeljen lizze. Wa wit jout dat mooglikheden en romte om oare musea yn Nederlân of dêr bûten bliid te meitsjen om sa sels wer oare saken yn te heljen. Net alles is mei jild yn te heljen, mar it is absolút needsaak om ek kommersjele partners te finen. Mei it sicht op KH2018 moat it mooglik wêze oan te heakjen by nije fûnsen en inisjativen om ek yn de takomst mei ynspirearjende en oerdonderjende tentoanstellings komme te kinnen.

Fûns foar grutte eksposysjes/manifestaasjes
Wy binne dêrom bliid dat deputearre Jannewietske de Vries yn de steategearkomste fan 23 jannewaris al oankundige dat sy dwaande is te ûndersykjen oft it mooglik is om in substansjeel fûns yn it libben te roppen. De hearen De Haan en Van Weperen en harren 600 meistanners wurde, sa’t it liket op harren winken betsjinne. Yn ‘e mande mei de gemeente Ljouwert, kulturele organisaasjes en bedriuwslibben wol Jannewietske de Vries in fûns opsette om sa grutte eksposysjes/manifestaasjes mooglik te meitsjen dy’t in grut publyk nei Fryslân/Ljouwert lûke. En dêrby wurdt dan oan sa’n 300.000 à 400.000 besikers tocht. It fûns soe ek mei fan út toeristysk/ekonomyske middels folle wurde kinne. En it fûns soe fansels ek brûkt wurde kinne foar aktiviteiten yn oanrin nei KH2018. En ek foar de Fryske Musea om dêr by oan te sluten. De idee foar in fûns wurdt útwurke en deputearre De Vries hat tasein mei in plan te kommen!