Door Provinciale Staten op 23 januari 2015

Rezjysintrale iepenbier ferfier yn Fryslân

Iepenbier en doelgroepenferfier yn it lanlike gebiet is wichtich. Steatelid Jouke van der Zee hat hjiroer al langer oanjûn dat wy ús bûten Fryslan “oriïntearje moatte op ynnovative ferfiers-modellen”. No blykt dat der yn Seelân in ferfiersmodel ûntwikkele is wêr ‘t gemeenten en provinsje in regeling ha dy’t de finansiering en planning fan ritten fersoarget.

Ek yn Fryslân
Van der Zee fynt dat wy dit Siuwske model “ek yn Fryslân ha moatte”. Hy hat dêrom deputearre Kramer frege it oerlis mei gemeenten hjiroer te iepenjen. Dizze antwurde dat hy tegearre mei de Fryske gemeenten in plan fan oanpak meitsje sil.

Waar ben je naar op zoek?