29 augustus 2013

PvdA: fragen minne oanslutingen stasjon Ljouwert

Resinte berjochten yn de media wize wer ris op minne oanslutingen fan de treinen op stasjon Ljouwert. Frekwinsje ferheging op ferskillende trajekten kin dêr yn de takomst ferbettering yn bringe.

De PvdA-Steatefraksje hat derom de folgjende skriftelike fragen steld:

  1. Is it kolleezje lykwols mei de PvdA-fraksje fan betinken dat foarútrinnend op de oplossingen op langere termyn de problematyk hjoed-de-dei sa urgint is, dat ferbetteringen mei yngong fan de nije tsjinstregeling fan grut belang binne?
  2. Hat it kolleezje al stappen ûndernommen om dy ferbetteringen op koarte termyn ôf te twingen?

– Sa ja, kin it kolleezje al wat sizze oer de útkomsten dy’t dêrfan ferwachte wurde meie?
– Sa nee, is it kolleezje dan ree yn aksje te kommen om der noch wat oan te dwaan?

Waar ben je naar op zoek?