16 december 2014

PvdA bliid mei dúdlikens Fryske stavering

“Wy hoege ús gjin soargen te meitsjen oer it besteansrjocht fan it Frysk”, dat hat de opskuor oer it staveringsferhaal neffens wurdfierder Ingrid Wagenaar wol dúdlik makke. “It Frysk libbet as in hert.” Dochs is de PvdA fan miening dat de staveringsoanpassings needsaaklik binne foar de fierdere ûntwikkeling fan it Taalweb. “Ús taal, it ûnderwiisfjild en alle brûkers fertsjinje dat.”

In stap meitsje
It wie lykwols gjin maklik proses. “Oardel jier lyn is besletten dat der in Grien Boekje en in standertwurdlist foar it Frysk komme moast. Mar geandewei waard dúdlik dat der tal fan tûkelteammen wiene”, sa seit Wagenaar. “Spitich genôch binne de foar- en tsjinstanners fan de oanpassings en wizigings net tichter byinoar kaam.” De PvdA fynt dat der mei de útstellen dy’t der no lizze in stap makke wurde kin. Derby beklammet Wagenaar it bysûndere karakter fan de nije staveringshifker. “Yn de nije ‘spell checker’ is der de mooglikhied om streekfarianten yn te stellen. Dêrmei is dizze unyk yn de wrâld.” Oanfoljend op it kolleezjeútstel hat de PvdA yn’e mande mei FNP en CDA in moasje yntsjinne om bliuwend te ynfestearjen yn Fryske digitale helpmiddels.

 

 

Waar ben je naar op zoek?