Nieuwjaarstoespraak Marijke Roskam: ‘De himel blau, de sinne klear’

Door Verkiezingen 2019 op 12 januari 2019

‘De himel blau, de sinne klear.’ Dizze sin, de earste rigel út it gedicht Om maaie hinne fan Obe Postma, stiet ûnder myn hûd skreaun. In gedicht oer in tafriel yn it bûthús, arbeider, boer, boerinne, bern oan de slach.

De himmel blau, de sinne klear,
Wyt‑en‑gielbûnt de âlde finne;
Fan ‘t east de middeiswaarme wyn
Strykt oer de flakke greiden hinne.

Yn it earste plak stiet de sin op myn earm út heimwee sis ik earlik, langstme nei Fryslân. It lânskip en de mienskip.

Yn it twadde plak is it in belofte oan Postma, om syn poëzy, romantyk en dyselde leafde foar Fryslân en it driuwend entûsjasme oer dizze unike provinsje om te setten nei konkreet hanneljen.

Om maaie hinne, wol ik mei dizze partij, dizze kloft minsken soargje foar polityk wêr’t boargers en boeren fertrouwen fan krije. Wêryn at eangsten, soargen, mar ek talinten en ambysjes sjoen en heard wurde. De siedsjes dy’t plante binne mei kulturele haadstêd op de tema’s talintûntwikkeling, gear-wurking, de enerzjytransysje en ekology moatte troch ús bewettere wurde, mooglikheden en romte krije om út te groeien ta de wichtichste pylkers fan Fryslân.

Wêrby at myn gemoed ljochtblau is, we in hoarizon sketse kinne wer’t Obe Postma him mei syn strange burd en sêfte wurden yn fine kin en wêr’t ús bern wat oan ha. In giffrij Fryslân, mei in sûne loft, sûne grûn en in sûne ekonomy fan mear nei better.

En ja, dat is soms hiel clear, yn it Ingelsk. Helder en skerp, soms sels in fûle sinne. Want at ik bytiden wurch bin, polarisearjende krantekoppen as analyses lês, at ik oan de iene kant hear ‘de bealch derfoar en striid foar it sosjaal demokratyske hert fan Fryslân’ en de oare kear hear dat fan sa’n frommeske net sokke skerpe taal ferwachte wurdt, dan sjoch ik nei Obe syn sin.

De himel blau, de sinne klear. It seit my dat no de tiid is. Foar in frisse wyn troch it bûthús.Foar belied dat net inkeld polityk is, mar by elkoar bepraat, bediskuseard en ferbyldzje wurdt troch de mienskip.

No is ek de tiid foar it grutter tinken. Ambisjeus, wy wolle mei in Noarden in blue zone wurde. In blauwe himel sûnder CO2, mar ek in plak der’t de âlderein sûn âld wurde kin. Provinsje Fryslân, mei beweging, sport en sosjale kohesie om dementie en iensumens tsjin te gean.

No is de tiid, om de sinne har wurk dwaan te litten. Enerzjykommissaris Bouwe de Boer wjukken en frijheden te jaan, om mei al dy koöperaasjes écht ympakt te ha. Minsken harren lêsten nei ûnder te bringen. Om Reduzum en oare doarpen it fertrouwen te jaan, mar ek de revenuën fan harren op-bringsten. Dat ha se fertsjinne.

No is de tiid, foar in serieuze fisy op de arbeidsmerk fan de takomst. Wêr’t sjauffeurs fan in SRV-wein yn de kunde komme mei harren talint en banen fan no, wer’t minsken mei in beheining geweldich talintearre binne foar in baan yn de ICT en wêrby at we minsken net wolkom hjitte mei in brief en for-mulier, mar in bak kofje en de sin ‘do bist geskikt foar in baan, we sille mei dy útfine welke’.

No is de tiid, foar in Masterplan Gastfrijheid en toerisme. Wat in reuring, entûsjasme en dúdlike doelgroep ha we yn 2018 wrâldwiid oanlutsen. Dat is goud wurch, en dus moatte we dêr ambisjeus foar gean.

Marijke Roskam
Nieuwjaarstoespraak PvdA Fryslân