Door In het nieuws op 3 augustus 2016

Lutz Jacobi stelt Keamerfragen oer Sionsberg

OMROP FRYSLÂN — Keamerleden Lutz Jacobi en Lea Bouwmeester fan de PvdA hawwe de minister ek ta ferantwurding roppen oer it konflikt tusken Sionsberg en De Friesland. De keamerleden wolle fan de minister witte wêrom’t de makke ôfspraken oer it soarchoanbod yn Noardeast-Fryslân net neikommen wurde.

Ek wolle se witte oft de minister ree is de belutsen partijen eventueel sels mei-inoar om tafel te krijen, sadat passende soarch it útgongspunt by de besprekkingen wurdt en oare belangen nei de eftergrûn ferdwine. Earder hat ek de SP al keamerfragen steld oer de sitewaasje by Sionsberg.