26 februari 2013

Lekker beppe sûkerbôle yn WijkResto Snits

Steateleden Ömer Kaya en Ingrid Wagenaar, beider Snitsers, hawwe tiisdei 26 febrewaris yn Wijkresto Lemmerweg-West yn Snits oan it itensieden west. Sy diene dat op noeging fan it wijkvereniging De Watertoren dat it inisjatyf naam hat om buertbewenners foar in skaplik pryske in knap miel foar te setten. Pompoensop, Toskaanske stamppot en bakte sûkerbôle mei iis en slachrjemme stie op it troch Ingrid Wagenaar betochte menu. It foel der goed yn en de beide steateleden waarden nei ôfrin mei applaus en in unike Wijkresto-skelk betanke. 

It Wijkresto-projekt rint al in jier as fjouwer as in tyk. Alle moannen komme der tusken de 50 en de 60 gasten op ôf dy’t foar € 4,00 in trije gongen miel krije. Jan Schous, ien fan de inisjatyfnimmers wie bliid mei de oandacht fan de PvdA-steateleden. Der binne soargen oer de fuortgong fan it projekt no’t troch de plannen fan de gemeente mei Waterstad Sneek, it wykgebou mooglik ferdwynt. Schous wit net wêr’t de wijkresto dan hinne moat. “Het zou zo jammer zijn, we voorzien in een behoefte en iedereen beleefd er plezier aan. Zowel de vrijwilligers die koken als de gasten die eens lekker verwend worden. Ik heb ons project zelfs aangemeld als ‘kroonappel’ bij het landelijke Oranjecomite in verband met de kroonswisseling”. At it oan de gasten fan de wijkresto leit, smyt it projekt hege eagen.

De wijkresto is ienris yn de moanne iepen. Wa’t in kear mei-ite wol is wolkom, oanmelde kin fia de website http://www.dewatertorensneek.nl. De earstfolgjende jûn is op 26 maart 2013.