20 februari 2013

Grut draachflak foar bysûndere posysje fan ús Omrop

De PvdA-Fryslân is bliid mei it grutte tal ûndertekeners fan de petysje “Romte foar Omrop Fryslân” dy’t woansdeitemoarn, foar de Steategearkomste, oanbean waard oan PvdA-deputearre Jannewietske de Vries. Mear as 12.000 minsken jouwe oan dat sy grut belang hechtsje oan it fuortbestean fan Omrop Fryslân as selfstannige omrop. “It is saak no oan te hâlden as storein” seit wurdfierder Fryske Taal en Kultuer Ingrid Wagenaar. “Wy hawwe sawol hjir yn de Steaten as ek yn de Twadde Keamer alle silen byset om de klam te lizzen op bysûndere posysje fan de Omrop”. 

Lykas bekend kaam steatsiktaris Sander Dekker ferline jier by de behanneling fan de nije Mediawet yn de Twadde Keamer mei it besunigings-útstel om alle regionale omroppen yn Nederlân op deselfde manier te behanneljen en te bekostigjen. Dat liket earlik mar pakt foar Omrop Fryslân finaal ferkeard út. “Yn’t foarste plak soe it betsjutte dat der besunige wurde moat op de komplete en brede programearring dy’t de omrop no hat as ûnôfhinklike en selsstannige stjoerder. En twads dat der net mear of folle minder yn it Frysk útstjoerd wurde kin troch de gearwurking mei lanlike stjoerders. Dat lêste soe de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal slim ûnderstek dwaan en wolris de deastek foar de fierwei populêrste regionale stjoerder fan hiel Nederlân wurde kinne”.

De Twadde Keamer hat ferline jier in moasje oannaam om ien en oar te kearen, mar de echte besluten moatte noch naam wurde. Wy fine dat it Ryk syn ferantwurdlikens nimme moat en dat de posysje fan Omrop Fryslân fêstlein wurde moat. Net allinne yn it bestjoersakkoard mar ek as oanpassing op de nije Taalwet. Wy hearre hjir in selsstannige en ûnôfhinklike omrop te hawwen mei foldwaande finansjele middels om in brede programearring yn de twadde rykstaal te behâlden en út te wreidzjen. Dêr is it ryk ek ferantwurdlik foar op basis fan it Europeesk Hânfêst. De bal leit no by de steatsiktaris, dy wurdt troch ús lobbyist yn Den Haach en ús keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch wakker bewurke. “Mar ik sliep pas wer”, seit Wagenaar “at it fan de baan is en de omrop gewoan wer dwaan kin wat se dwaan moatte: royaal útstjoere yn it Frysk!”