20 juni 2013

Fryske musea krije ien sintraal depot

Op 26 juny moatte de Fryske Steaten harren tastimming noch jaan, mar yn de kommisjegearkomste B&M fan woansdei 5 juny, tekene him al in royale mearderheid ôf foar in nij te bouwen duorsum kolleksjesintrum. Yn dat nije depot soene dan de kolleksjes fan de fjouwer grutte Fryske musea: Frysk Skipfeartmuseum, Natoermuseum Fryslân, Frysk Lânboumuseum , Frysk Museum en Tresoar opslein wurde kinne. 

Oer it feit dat der sa’n depot komme moat, wurdt al sûnt 2006 praat. Earst soe it depot allinne foar it Frysk Museum wêze, geandewei de rit kamen dêr de oare musea en Tresoar by. Finansearring soe foar in part plakfine troch ferkeap fan de panden fan it Frysk Museum yn Ljouwert oan de Tweebaksmarkt. Mar de ekonomyske krisis hat makke dat dy opsje op dit stuit net reëel is. Oan de steaten wurdt dêrom frege 7,4 miljoen beskikber te stellen. Der is wiidweidich ûndersyk dien nei it brûken fan besteande gebouwen, der stiet nochal wat leech yn Fryslân. Dy opsje lei foar de hân. Doch is der keazen foar nijbou, it die bliken dat dat doch de duorsumste en goedkeapste fariant wie. Meikoarten wurdt der in stichting yn it libben roppen, mei fertsjinwurdigers fan de 4 musea en Tresoar, dy’t de oanbesteging op poaten sette sil.

PvdA-wurdfierder Ingrid Wagenaar joech oan begryp te hawwen foar it feit dat de winsk om it depot ek foar publyk tagonklik te meitsjen, fallen litten is. “It jaget yndie de kosten op. Punt foar ús fraksje is wol dat keunst safolle mooglik tentoansteld wurde moat en sa min mooglik yn depots sitte moat. Wy bepleitsje dêrom in aksjeprogramma om safolle mooglik keunst út it depot út te lienen oan publike gebouwen lykas skoallen, biblioteken, skouboargen ensafuorthinne. Wat minder guod yn it depot wat better”. Wagenaar kaam ek noch mei de idee foar in goed tagonklike website foar it depot sadat de Fryske mienskip yn elts gefal digitaal mei genietsje kin fan alle skatten dy’t Fryslân hat.